Novimber 2013

It essay Fan âlder ta foarâlder ûndersiket myn Fryske heiteline werom oant de ein fan de Frysk-Hollânske oarloggen.

De efternamme Van der Veer is noch frekwint noch seldsum yn Nederlân. In populêre mar ûnbefêstige ferklearring foar dizze namme giet werom op de Hearen van der Vere neamd yn de Difyzjekronyk út 1517, dy't stamden út it no ferdwûne aadlike geslacht Van Borselen. De titel Markies van Veere heart hjoed-de-dei ta oan de keninklike famylje. Yn myn gefal leit de ferklearring foar ús efternamme dúdlik tichterby yn de skiednis. Ik moat begjinne mei de observaasje dat Frankryk in rol spilet yn myn persoanlike histoarje. Net allinne stamt de famylje fan ús mem har mem ôf fan Frânsen dy't om religieuze redenen nei de Lege Lannen flechten, Frankryk spilet ek in rol yn it feit dat ik Van der Veer hjit. Lit my it jo útlizze.

De Frânske Tiid yn Nederlân fan 1795 oant 1814 feroare ús lân fan in desintralisearre federaasje yn in ienheidssteat. Der waard in register civique yntrodusearre dat yn moderne foarm noch hieltyd bestiet. Dy burgelike stân fereaske lykwols dat Friezen in famyljenamme brûke soene yn stee fan tradisjonele patronimen. Myn essay bepraat de akte út 1811 dêr't de oerpake fan myn oerpake, Andries Sjoerds, de efternamme Van der Veer oannaam foar syn húshâlding. Dizze kar sil bepaald wêze troch syn berop - doedestiids wie er batelier d'ordonnance en transportearre ûndersteld guod tusken Eastermar en Ljouwert. Yn it essay toan ik oan dat ik de earste yn de my bekende heiteline bin, dy't bûten Fryslân berne is. Ik beärgumintearje ek dat hoewol't de Friezen har nei it registe civique foegen, patronimen ynformeel yn gebrûk bleaune oant fier yn 'e tweintichste iuw.


Essays
Fryslân
Genealogy
 


Dizze webside is argivearre troch de KB, nasjonale biblioteek.

© J.M. van der Veer   •   jmvdveer@algol68genie.nl