Augustus 1997

It is in sneon yn augustus, healwei seizen moarns. Wy sammelje dizze iere oere foar in fuottocht fan Lauwerseach nei Skiermûntseach. Guon hawwe oernachtsje op 'e camping tichteby, guon hawwe foar in hotel keazen en de rest is eins trochwekke. Op it startpunt oankaam foegje harren gidsen by ús. Ien dêrfan seit dat ús eardere survivaltraining yn de Ardennen ús fan pas komme sil. Hjir en dêr wurdt in wynbrau fronsele.

Neisjoen troch sliepperige skiep rint de groep mei swinde pas oer in dyk de dizige sinne-opgong yn 'e mjitte. De oerstek begjint seis kilometer eastlik fan it sammelpunt, wêrtroch't de spieren wat loskomme. Om healwei achten hinne baggerje wy dan troch it sâlte slyk.

Skiermûntseach liket ferriederlik tichtby. Maar als je tot de knieën in de modder zakt en tot je middel in het stromende zoute water staat dringt het besef door dat het lange kilometers worden. De gidsen hâlde it tempo heech, want we moatte oan lân foardat it wetter ús boppe de holle omheech giet.

Yn 'e folgjende oeren banen wy ús in wei oer de drûchfallende seeboaiem. It waad is min hjoed, oeral is it sân bedutsen mei in laach modder. Hjir en dêr leit in helpleaze strâne kwal of graaft in krabke him yn. It leechste tij hat al west, en der is gjin paad mear werom. It waar wurket lykwols mei. De earste oeren is it belutsen, dêrnei brekt in sintsje troch.

Uteinlik passearje wy de fargeul tichtby it eilân. Wy spiele ús mei graachte ôf yn it wassende wetter. It ynkommende tij nimt grutte hurders út de Noardsee mei; harren rêchfinnen sjitte om ús hinne troch it wetteroerflak.

49 woorden Fries In part fan de groep splitst him ôf om ûnder begelieding fan de twadde gids troch de kwelder te lûken. Wy kruse fjilden sterk rûkende, sâltminnende fegetaasje en nimme in soad slinken troch. De kwelderbewenners, bûten it briedseizoen benammen seefûgels, skeare leech oer it griene lân, of drave pikearre foar ús wei.

Even letter stoarje we yn de eagen fan us mem en witte ússels wer oan lân. In koarte tocht troch de dunen bringt ús yn 'e iere middei nei de kampearbuorkerij dêr't in waarme dûs ferazejend wurket. De middei wurdt nei eigen ynsjoch bestege. Wylst de ien herstelt fan de ynspanningen, fytst de oar noch efkes it eilân rûn.

De jûn bringt in gesellige barbecue. Oan rattinearre koks is gjin gebrek, oan iten likemin. De rest fan de soele jûn wurdt troch elk op eigen wize belibbe. Yn 'e nacht wurde in soad konfrontearre mei oantinkens oan jeugdherberch of kazerne. Swarte kofje en frisse molke meitsje op sneintemoarn betiid wol wer wat goed.

Oft it noch net genôch is folget in flugge útlis kaartlêzen en kompasgebrûk, om dêrnei yn lytse groepen op syktocht stjoerd te wurden. Dy blykt lykwols ambisjeus fan opset, en fanwege it strieljende waar kieze in soad ûnderweis dochs mar terras en wetter. De fierdere dei ferstrykt loom en ûntspanne.

Oan de ein fan de middei giet it dan op in folle fearboat wer nei it lân ta. It wie swier en guon moasten djip gean, mar wy hawwe it dochs mar moai folbrocht. Moarn, is it gewoan wer moandei.


Essays
Fryslân


Dizze webside is argivearre troch de KB, nasjonale biblioteek.

© J.M. van der Veer   •   jmvdveer@algol68genie.nl